"Der moat mear romte foar ûnderwiisassistinten komme"

08 feb 2016 - 18:36
  • Minister Jet Bussemaker op besite by skoalle De Friese Poort

It is dreech om as ûnderwiisassistint oan wurk te kommen. Dat is nuver, omdat ûnderwiisassistinten de wurkdruk yn it ûnderwiis leger meitsje. Dat boadskip hie Jetske de Boer (17) fan It Heidenskip moandei foar minister Jet Bussemaker fan ûnderwiis. Jetske leart foar klasse-assistint op de Friese Poort yn Snits. De minister wie moandei op wurkbesite op dy skoalle.

"It wie wol spannend. It is dochs de minister, dat dochst net elke dei even. Wy hawwe bêst wol lang met har praat, en se kaam hiel leuk op ús oer. Se wie der wiis mei dat wy dit ûnderwerp no op de kaart set hawwe. No moatte we yn gesprek mei de skoallen. Dy gean hjir oer".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)