"Der is mear as kearnsônes"

02 jan 2003 - 00:00

De provinsje rjochtet him te folle op de ekonomyske kearnsônes, neffens boargemaster Cazemier fan Dongeradiel. Hy sei dat yn syn nijjierstaspraak.

De noardlike regio biedt ek genôch mooglikheden. Inisjatieven dy't de ekonomy fersterkje, moatte steat meitje kinne op jild. Ek fynt Cazemier dat it nije kabinet de tsjinstferlienende en toeristyske sektor stypje moat. Dy binne no noch te min fertsjinwurdige yn Noard-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)