Der binne hieltyd minder boskpoddestuollen te finen

23 okt 2015 - 12:34

It oantal boskpoddestuollen nimt ôf. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Nederlandse Mycologische Vereniging. Sûnt 1999 is it oantal miggeswammen mei 63 persint ôfnommen. Ek de sjerpboltjeswam, de kanterel en de stjonkswam binne de ôfrûne jierren minder te sjen. Guon soarten, sa as de brune anysswam, binne dit jier net fûn troch de ûndersikers.

Der is by it tellen sjoen nei de poddestuollen en net nei de skimmels yn de grûn. De skimmels sitte wol yn de grûn, mar se groeie net út ta poddestuollen.

Om alles goed yn kaart bringe te kinnen, is fierder ûndersyk nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)