Deputearre Schrier stipet aksjefierende Skylgers

26 maaie 2015 - 19:37

Deputearre Schrier hat woansdei de aksjefierders fan GasTvrij Terschelling opwachte yn de oankomsthal fan rederij Doeksen yn Harns. Dêrmei woe er harren stypje yn de striid tsjin de foarnommen gasboarring op it eilân. It bedriuw Tulip Oil wol op Skylge gas út de grûn helje. De gasboarrings op Skylge wurde woansdei yn Den Haach bepraat yn in keamerkommisjegearkomste.

In delegaasje Skylgers reizget spesjaal dêrfoar mei de bus nei de hofstêd ta. Der sille se foarôfgeand oan de behanneling troch de keamerkommisje harren protestliet sjonge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)