Deputearre: Ryk moat Frysk en dus Omrop finansjeel stypje

07 sep 2015 - 19:49

It ryk moat finansjeel stean foar it behâld fan it Frysk en dus ek foar Omrop Fryslân. Dat seit deputearre Sietske Poepjes nei oanlieding fan it brief fan steatssekretaris Sander Dekker oan de Twadde Keamer.

Dekker wol wetlik regelje dat Fryslân in Frysktalige media-ynstelling hâldt. Poepjes is bliid mei dat stânpunt. Neffens har stiet no foar it earst fêst dat it ryk rjochten en plichten hat as it om it behâld fan it Frysk giet. Om't it ryksbelied is, sil der ek finansjeel wat tsjinoer stean moatte.

Poepjes sjocht de brief as 'in oanbod ta dûnsjen'. Se is ree om 'de dûnsflier op te gean' mei de steatssekretaris om sa it behâld fan it Frysk fierder te ferankerjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)