Deputearre op 3-talige skoalle

18 apr 2013 - 12:13
  • Klasse fan it Liudger yn Burgum

Deputearre Jannewietske de Vries wie tongersdei op besite by it CSG Liudger yn Burgum om nei it trijetalich ûnderwiis dêr te sjen. Op de skoalle wurdt sûnt 2010 ûnderwiis jûn yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. De skoalle kriget dêr yn juny in sertifikaat foar.

It Liudger yn Burgum is de earste skoalle yn Fryslân mei trijetalich ûnderwiis. De learlingen binne wiis mei de trije talen. Sa krije se bygelyks ierdrykskunde yn it Ingelsk.

Deputearre De Vries hat ûnder oare taal, kultuer en ûnderwiis yn har portefúlje. Yn de kultuernota fan de provinsje Fryslân wurdt meartaligens yn alle nivo's fan ûnderwiis stimulearre. De útrikking fan it sertifikaat is yn juny op it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)