Deputearre: Omropjild fan ryk

23 sep 2010 - 16:47
  • Deputearre De Vries (foto: Omrop Fryslân)

De provinsje wol mei it ryk om tafel om ekstra jild foar Omrop Fryslân binnen te heljen. Dat seit deputearre Jannewietske de Vries. Woansdei waard bekend dat de provinsje in tydlike bydrage fan 1.1 miljoen euro oan de omrop net ferlinge sil. Eins soe it ryk dy rekken oppakke moatte, sa fynt de deputearre.

De besuniging op de omrop is ûnderdiel fan in grutte provinsjale besuniging. Dat moat omdat de provinsje minder jild fan it ryk kriget, seit De Vries.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)