Deputearre is 'listpoes'

17 feb 2009 - 21:40
  • Jannewietske de Vries is neffens de FNP de 'listpoes' fan 'e PvdA

Deputearre Jannewietske de Vries stiet as 'listpoes' op de kandidatelist foar de Europeeske Parlemintsferkiezings. Dat seit FNP'er Johannes Kramer. De Vries stiet op in ûnferkiesber tsiende plak op de PvdA-list. Se wol net keazen wurde en bliuwt gewoan deputearre.

De Vries lient har 'positive en sjarmante útstrieling' oan de partij om stimmers oer de streep te lûken, skriuwt Kramer. Hy fynt dat se har weromlûke moatte soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)