Deputearre Johannes Kramer wol yn 2016 wer ljipaaisykje

18 jan 2015 - 15:21
  • Johannes Kramer op de BFVW-gearkomste

Deputearre Johannes Kramer sei it sneon de fûgelwachters ta: it aaisykjen wurdt wat him oanbelanget net ôfskaft. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten kin der op rekkenje dat de polityk der alles oan dwaan sil om it aaisykjen yn 2016 wer gewoan trochgean te litten.

Kramer wie sneon hiel dúdlik op de BFVW-gearkomste yn Wurdum. De oprop om dit jier de neisoarch wol gewoan trochgean te litten, waard dêr massaal ûnderskreaun troch de hûnderten aaisikers en neisoargers. Kramer is dêr wiis mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)