Deputearre iepenet Boarnstream

25 maaie 2014 - 10:40
  • Jannewietske de Vries by jachthaven de Boarnstream

Deputearre Jannewietske de Vries hat sneon offisjeel it nije part fan jachthaven de Boarnstream yn Jirnsum iepene. Dêrby waard ek it nije smoarchwettersysteem yn gebrûk naam. Wettersporters hoege it ôffalwetter fan har húske net mear rinne te litten, mar kinne it no goed kwyt yn de haven. Sa hawwe alle oanlisplakken in eigen ynnamestasjon. De provinsje stekt in soad jild yn it ferbetterjen fan dit soarte fan foarsjennings.

Sa moat de wetterkwaliteit fan it Fryske binnenwetter ferbettere wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)