Deputearre Galema op matsje

12 jan 2011 - 19:59
  • Sjoerd Galema moat him ferantwurdzje yn de Steaten

Deputearre Sjoerd Galema moat nije wike woansdei op it matsje komme by de steaten. Der is kommoasje ûntstien oer de útspraken fan Galema oer de weryndieling fan Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân. Hearrenfean wol der ek graach by.

Galema hat, yn syn rol as listlûker fan it CDA, sein dat Hearrenfean dêr net by hoecht. As deputearre hat hy altiid sein Hearrenfean net stikke litte te wollen. Neffens de Steaten jout dit betizing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)