Deputearre Galema hâldt op

15 jun 2011 - 16:05

Deputearre Sjoerd Galema leit syn funksje del. Dat docht er mei yngong fan 21 septimber.

Galema wurdt lid fan it bestjoer en de ried fan kommissarissen fan FrieslandCampina. Hy hat dit nijs woansdeitemiddei yn de steaten bekend makke. Hy wie earder net by de steaten om't er de lêste petearen mei de nije wurkjouwer fierde. Galema waard yn 2007 deputearre. Nei de lêste ferkiezings krige er in lichte portefúlje nei it ferlies fan syn CDA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)