Depresjetest no ek yn it Frysk

19 jan 2016 - 22:33

De earste Frysktalige depresjetest is in feit. It giet om in inisjatyf fan ZuidOostZorg en de Afûk. De test jout in earste yndikaasje oft der sprake is fan in depresje of net.

De metoade is spesifyk bedoeld foar âlderein en bestiet út acht fragen. De húsdokter kin oan de hân fan de útslaggen in ferfolchtrajekt bepale. De Frysktalige fariant is in oersetting fan de ynternasjonaal brûkte 'Geriatri Depression Scale 8'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)