'Dependânses kostje CHN de kop'

21 feb 2005 - 15:12

Bûtenlânske festigings hawwe skoalle CHN yn Ljouwert jildproblemen besoarge, wylst de hegeskoalle ien fan 'e ryksten yn Nederlân wie. Dat stiet te lêzen yn it fakblêd foar ûnderwiisbûn AOB. De CHN hat festigings yn Qatar en Súd- Afrika en Tailân stiet op it program.

De tekoarten by de bûtenlânske festigingen kinne oprinne nei 3,5 miljoen euro. It personiel is benaud dat dat oanfold wurdt mei jild dat yn Nederlân útjûn wurde moatten hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)