Dependânse Antonius yn bank

15 okt 2010 - 20:44

It Antonius sikehûs fan Snits krijt in dependânse yn de Rabobank fan De Lemmer. It sikehûs wie al langer op syk nei in lokaasje yn dat plak, foar saken as bloedprikke en it meitsjen fan röntgenfoto's. Yn de bank komt ek de Thuissoarch Zuidwest Friesland, dy't diel útmakket fan de Antonius soarchgroep.

Mooglik komme der yn de bank ek noch oare soarchferlieners. De bank sels bliuwt gewoan yn it gebou sitten, wol ferhuzet de yngong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)