Dennis Krohne nei AGOVV

10 jun 2011 - 14:17

Dennis Krohne fan Harkemase Boys spilet takom seizoen yn de Jupiler League foar AGOVV út Apeldoorn. De 22-jierrige oanfaller hat in kontrakt foar ien seizoen tekene. "Ik mag het hier één jaar laten zien en wie weet kan ik wel hogerop", sa seit Krohne.

Krohne hie al oerienstimming mei topklasser HHC út Hardenberg, mar kiest no foar AGOVV. Nei Martijn Barto en Mart Dijkstra is Krohne de tredde fuotballer dy't fia Harkemase Boys it betelle fuotbal yngiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)