Denneboom wol prate mei De Haan

02 sep 2003 - 00:00

Hearrenfean-spits Romano Denneboom wol sa gau mooglik prate mei trener Foppe de Haan en foarsitter Riemer van der Velde. De spits is werom set nei it belofteteam omdat er 'gjin profesjonele ynstelling' hawwe soe. Hy mei fan Hearrenfean ek útsjen nei in oare klub.

Oer it skeel mei De Haan seit Denneboom dat de trainer 'soms gelyk' hat. Sûnt it weromsetten nei it belofteteam hat Denneboom noch net mei De Haan praat, mar dat wol er al graach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)