Denneboom: net werom nei H'fean

15 feb 2004 - 00:00

Romano Denneboom makke nei de wedstriid Hearrenfean - Willem II bekend dat er net werom sil nei Hearrenfean. Hy spile sneon yn de basis by Willem II. De oanfaller is troch Hearrenfean ferhierd oan de klub út Tilburch.

Eins stiet Denneboom noch twa jier ûnder kontrakt. Mar hy seit sels dat sawol de klub as hysels net fierder mei inoar wolle. Foarsitter Riemer van der Velde sei lykwols yn in reaksje dat der noch gjin beslút naam is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)