Denneboom langer by Hearrenfean

07 maaie 2003 - 00:00

Romano Denneboom bliuwt langer by SC Hearrenfean. De fuotbalklub hat it kontrakt iepenbrutsen en ferlingd oant 30 juny 2006. It kontrakt fan de spits (22) rûn oant de simmer fan 2004. Hy is dwaande mei syn fyfde seizoen. Dit jier hat er foar it earst in fêst plak yn it earste alvetal. Belangstelling fan oare klubs laten net ta in konkreet foarstel.

Ek it dit jier ôfrinnende kontrakt mei ferdigener Jos Hooiveld (20) is mei in jier ferlingd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)