Denneboom giet mooglik fuort

19 feb 2003 - 00:00

Romano Denneboom soe oan syn lêste seizoen foar Hearrenfean dwaande wêze. Mei dat berjocht kaam 'Voetbal International' woansdei.

Denneboom hat noch in kontrakt oant 2004, mar de fuotballer jout yn it artikel oan dat der mei Hearrenfean te praten falt oer in earder fuortgean. Mar dy petearen binne foarearst op neat útrûn. Neffens Hearrenfean-foarsitter Van der Velde is it ferhaal net wier en wol de klup Denneboom graach hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)