Denneboom bliuwt faaks by Fean

21 feb 2003 - 00:00

SC Hearrenfean en Romano Denneboom binne yn petear oer kontraktferlinging. It kontrakt fan de oanfaller rint oant 2004. Denneboom makke okkerdeis bekend dat er omsjocht nei in oare klub.

Neffens foarsitter Riemer van der Velde sjogge beide partijen in ferlinging fan it kontrakt wol sitten. It leit yn de bedoeling om it hjoeddeistige kontrakt iepen te brekken en Denneboom oant 2006 fêst te lizzen. Oer in pear wiken binne se it wol iens, is de ferwachting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)