Denekamper foar de rjochter

20 des 2011 - 13:38

De fertochte út Denekamp fan de moard op in 27-jierrige frou út Snits yn juny dit jier, stiet tiisdei foar de rjochter. De frou waard thús ombrocht. Se wie de suster fan de eks-frou fan de fertochte. In dei earder hie de Denekamper yn Jislum in karavan yn de brân stutsen. Hy tocht dat syn eks-frou en de bern dêryn sieten, mar der sieten oaren yn. Dy kamen mei de skrik frij.

De man gie in dei letter nei de suster fan syn eks om derachter te kommen wêr't syn eks-frou wie. Hy flechte nei syn dieden nei België. De man is der oanhâlden en útlevere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)