Den Oudsten: spyt fan foardracht

26 des 2001 - 00:00

Ald-wethâlder Den Oudsten fan Ljouwert hie frou Van Maaren net foardroegen as boargemaster as er har boek oer har tiid yn Haarlem lêzen hie. Den Oudsten sei dat woansdei yn in petear by Omrop Fryslân.

Den Oudsten wie foarsitter fan de kommisje dy't Van Maaren oanwiisde as bêste kandidaat. Hy hat der spyt fan dat se mei troch him yn Ljouwert kaam is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)