Den Oudsten praat foar syn beurt

20 sep 2000 - 12:39

Wethâlder Den Oudsten fan Ljouwert liket te akseptearjen dat de Suderseespoarline Ljouwert net oandwaan sil. Dy konklúzje luts it D66-riedslid Inberg tiisdei by de kommisjegearkomste Stedsûntwikkeling.

Den Oudsten wol foar de ûntsluting fan Ljouwert mooglik in light-railferbining oanlizze nei It Fean, dêr't it Suderseespoar wol delkomt. Inberg fynt dat Den Oudsten dêrmei foar syn beurt praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)