Den Oudsten nei Enschede

01 feb 2005 - 11:22

Boargemaster Peter den Oudsten fan Meppel wurdt de nije boargemaster fan Enschede. Hy folget dêr Jan Mans op, dy't per ien maaie mei pensjoen giet. Dat meldt it Dagblad van het Noorden tiisdei.

Den Oudsten is sûnt 2001 boargemaster yn Meppel. Dêrfoar wie er wethâlder yn Ljouwert. Hy makke yn it ferline karriêre as foarljochter fan Friesland Coberco yn Ljouwert. Yn 1986 waard er riedslid, yn 1997 wethâlder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)