Den Haag wol him net bemuoie mei soap om doarpsmûne Reduzum

15 apr 2016 - 21:07

De ferfanging fan de doarpsmûne Reduzum is de ferantwurdlikheid fan de provinsje Fryslân, de gemeente Ljouwert en de lokale befolking. Dat lit minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken witte yn antwurd op keamerfragen dêroer. Lutz Jacobi en Yasemin Cegerek fan de PvdA hienen fragen steld oer de doarpsmûne.

Deputearre Steaten hawwe yn it koälysjeakkoart skreaun dat der gjin wynmûne op it fêste lân komme mei en hâldt der ek oan fêst. It doarp wol lykwols de besteande mûne dochs ferfange. Ek de gemeenteried wie foar dit plan.

De minister giet der wol fanút dat provinsje Fryslân de doelstelling fan 530,5 megawatt yn 2020 hellet. Al hat er dêr syn twivels oer, omdat de sifers oer 2015 dat noch net sjen litte.

Minister Kamp fynt wol dat in doarpsinisjatyf as yn Reduzum de leefberens yn krimpgebieten fergrutsje kin en tagelyk bydrage kin oan de doelen fan it enerzjyakkoart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)