Den Haag oerleit mei Waadeilannen oer it nachts farren

13 apr 2016 - 05:58

It Ryk sil mei de Waadgemeenten en wettertaksybedriuwen prate oer it nachts farren. No meie flugge wettertaksys net farre as it tsjuster is. Aukje de Vries fan de VVD frege de Twadde Keamer tiisdei om dêr wat oan te dwaan. Neffens har komt it geregeld foar dat eilânbewenners hurd nei de fêste wâl moatte.

No moat foar al dy kearen apart tastimming frege wurde. De Vries fynt dat te omslachtich. In mearderheid fan de Twadde Keamer wie it mei har iens. Den Haag sil dêrom meikoarten om tafel mei de Waadgemeenten en belutsen ferfierders.

Oerlis oer farferbining

De Twadde Keamer naam tiisdei mear moasjes oan oer de Waadeilannen. Sa wurde de gemeentebestjoeren fan de waadeilannen tenei ek belutsen by de oerlizzen oer de farferbiningen. Dat is no noch in saak tusken allinnich it regear en de fearboatbedriuwen.

Ek sil Den Haag ûndersykje oft de oanbesteging fan de konsesjes tenei troch de provinsje dien wurde kin. No is dat noch in taak fan it Ryk.

Fargeul Holwert-It Amelân

Fierder is de oanpassing fan de fargeul tusken Holwert en It Amelân in stap tichteby. De fargeul moat allegeduerigen útdjippe wurde en soarget foar in soad fertraging foar de fearboaten. Op it stuit wurdt yn Den Haag wurke oan in oplossing foar dy fertraging. Oant no ta waard allinnich sjoen nei de besteande rûte fan de fargeul.

Mar keamerleden Aukje de Vries (VVD) en Lutz Jacobi (PvdA) hawwe frege oft ek ûndersocht wurde kin oft de fargeul ferpleatst wurde kin. In mearderheid fan de Twadde Keamer gong dêryn mei. Ek in oanpassing fan de tsjinstregeling wurdt meinaam yn it ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)