Den Haach wol oerstekplakken otters ferbetterje

03 mrt 2015 - 20:56
  • Otter

It ryk wol mei de provinsjes Fryslân en Oerisel sa gau as mooglik oan de slach om otters better te beskermjen. It kabinet wol sân oerstekplakken, dêr't de bisten it faakst deariden wurde, oanpakke. Dat skriuwt steatssiktaris Sharon Dijksma oan de Twadde Keamer.

Fjirtjin oare plakken moatte healwei 2017 feiliger makke wêze. Dijksma wol noch dit jier de earste fjouwer oerstekplakken oanpakke. Se ferwachtet dat dit goed 6,5 ton kostje sil.

De aksje fan Dijksma folget op in útspraak fan de rjochter, dy besliste dat de otter beskerme wurde moat. De saak wie oanspand troch de stichting Das&Boom en it Otterstasjon Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)