Den Haach sjocht nei helberheid plan 'Holwert oan See'

17 nov 2015 - 16:47
  • Ympresje fan Holwert oan see

It idee foar 'Holwert oan See' is troch it Ryk opnaam yn it mearjierreprogramma foar ynfrastruktuer, romte en transport. De kommende tiid sil ûndersyk dien wurde nei de helberens fan it plan. Yn 2018 moat dúdlik wêze oft it trochgiet of net.

De fjouwer inisjatyfnimmers fan de plannen wolle de dyk by Holwert trochstekke en sa it doarp wer ferbine mei de see, sa as it yn it ferline ek wie. Se binne der wiis mei dat it Ryk der no serieus nei sjocht.

De totale kosten foar it projekt lizze tusken de 100 en 200 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)