Den Haach praat oer fytspaad

14 jul 2006 - 10:54

De polityk yn Den Haach mingt him ek yn de diskusje oer it fytspaad yn Wymbritseradiel. Op it nije fytspaad tusken Aldegea en Blauhûs mei allinnich yn de simmermoannen fytst wurde omdat der in seldsume fûgel, de 'kleine rietgans' libbet.

De CDA-fraksje yn de Twadde Keamer wol no fan minister Veerman fan LNV witte oft hy fan dizze saak ôfwit en wêrom't it paad ôfsluten wurdt en oft dat ek faker yn Nederlân bart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)