Den Breejen hâldt op mei keatsen

07 aug 2004 - 17:14

Arie den Breejen út Arum hâldt nei dit jier op mei keatsen. De 30-jierrige achterynse hat de motivaasje net mear om troch te keatsen. Hy kin it net opbringe om no wer te keatsen yn in partoer dat net echt meidocht om de prizen.

By de formaasje fan nije partoeren de ôfrûne dagen, foel Den Breejen wer bûten de boat. Syn maten Johannes Dijkstra en Herman Sprik ha ûnderdak fûn yn in oar partoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)