Den Bosch - Cambuur ôflast

25 nov 2005 - 00:00

De wedstriid Den Bosch - Cambuur is ôflast fanwege de snie. It fjild fan Den Bosch is freedtemiddei bedobbe ûnder in laach snie, wêrtroch fuotbal net mooglik is. De seleksje fan Cambuur wie al ûnderweis nei Den Bosch, mar bedarre by Utert yn in file fan in lytse tweintich kilometer.

Fanôf dat punt waard begûn oan de lange weromreis nei Ljouwert. Fanwege de ferkearsgaos yn it midden fan Nederlân duorret ek de weromreis oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)