Demonstraasjetraining fan Epke

05 apr 2014 - 15:10
  • Epke Zonderland

Der binne noch kaarten te krijen foar de demonstraasjetraining fan Olympysk kampioen Epke Zonderland. Epke sil snein yn Sportstêd Hearrenfean foar 200 minsken sjen litte wêrom't er de bynamme de Flying Dutchman krigen hat. Yn in spesjale trainingssesje lit er it publyk syn meast spektakulêre sprongen sjen.

It jild fan de kaartferkeap giet nei de Ronald McDonald Hoeve yn Beetstersweach. Organisator Adriaan Ploum lit witte dat der noch 120 kaarten beskikber binne. Dy binne te keap by de McDonald's restaurants op De Lemmer en De Jouwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)