Demonstraasjes tsjin oarloch

20 mrt 2003 - 00:00

Op de earste dei fan de oarloch tsjin Irak wiene der al op in soad plakken demonstraasjes. Tongersdeitejûn wie der in aksje op it Waachplein yn Ljouwert, organisearre troch ûnder oaren it Fries Vredes Platform en Rood. In moanne lyn dienen al 200 minsken mei oan in fakkeloptocht tsjin de oarloch.

Ek wiene der tongersdeitejûn ferskate tsjerken iepen. Sa koene ynwenners fan Ljouwert, Drachten en Hurdegaryp nei tsjerke gean om te bidden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)