Demonstraasje tsjin sluting azc

25 jun 2003 - 00:00

In groep fan fyftich asylsikers, frijwilligers en oare belanghawwenden ha woansdei meidien oan in demonstraasje tsjin de sluting fan it azc yn Dokkum.

Under begelieding fan in bulte kabaal en sjongen, rûnen se nei it gemeentehûs. Loko-boargemaster Appelhof krige hantekeningen oerlange yn de hope dat de gemeente it azc iepen hâlde kin. Foar 1 april moatte de hast 500 bewenners nei in oar plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)