Demonstraasje tsjin opfang flechtlingen by WTC Expo Ljouwert

16 okt 2015 - 20:27

Inkelde tsientallen misken hawwe freedtejûn aksje fierd tsjin de opfang fan flechtlingen yn it WTC yn Ljouwert. De groep 'Eigen Volk Eerst' hie fia Facebook in oprop ferstjoerd en dêr kamen in soad reaksjes op. Sa joegen goed 400 minsken oan dat se komme soene. Troch it minne waar foel de opkomst lykwols úteinlik ôf.

Der wie in soad plysje en bewekking by de demonstraasje, dy't úteinliks frij rêstich ferrûn. Wol waard oan it begjin troch de organisaasje sels in man fuortstjoerd om't er him te rasistysk utere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)