Demonstraasje Skewiel

22 jun 2009 - 11:01
  • Aksjes by Skewiel

25 Personielsleden fan soarchgroep Skewiel hawwe moandeitemoarn demonstrearre tsjin de foarnommen fúzje mei soarchynstelling Tellens. De personielsleden stypje hjirmei de ûndernimmingsried, dy't ek tsjin de fúzje is. De UR wol folle leaver fierder mei De Friese Wouden.

De ried fan tafersjoch is moandei opstapt fanwege de problemen dy't dat opsmyt. Neffens har moat de fúzje mei Tellens perfoarst trochgean, oars is Skewiel fallyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)