Demonstraasje foar Sionsberg

10 des 2011 - 12:48

Yn Dokkum hawwe sneontemiddei sawat fiiftûzen minsken demonstrearre tsjin it útklaaien fan sikehûs Sionsberg. De hertôfdieling dêr giet ticht, de akute soarch wurdt ferfongen troch in ekstra ambulânsepost en de operaasjes fan kankerpasjinten hâlde ek op. Dat hat de direksje besletten nei't de Ynspeksje foar de Folkssûnens sein hie dat de soarch net goed genôch wie.

De protestmars sette út ein by de Sionsberg en einige by it stedhûs dêr't in petysje oerlange waard oan boargemaster Waanders fan Dongeradiel. De Sionsberg woe ek de drege ferloskundegefallen opdoeke. Yn jannewaris praat de Twadde Keamer oer de sprieding fan de ferloskunde. Dêr sil it aksjekomitee tsjin it útklaaien fan De Sionsberg him ek wer hearre litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)