Demonstraasje AZC De Lemmer

15 mrt 2006 - 09:56

Bewenners fan it asylsikerssintrum op 'e Lemmer hawwe tiisdei demonstrearre tsjin it asylbelied fan it regear. Se rûnen fan it AZC yn optocht nei it gemeentehûs fan Lemsterlân. Dêr waarden se ûntfongen troch wethâlder Visser.

De protestaksje wie opset troch de asylsikers sels. Harren ûnwisse situaasje soarget foar in soad ûnrêst en spanning. Woansdei wurdt der wer in húshâlding op strjitte set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)