Demeersman wint grutte priis

22 okt 2006 - 01:20

Dirk_Demeersman is sneon winner wurden fan it springkonkoers om de Grutte Priis fan Ljouwert. De 42-jierrige Belgyske topruter wie mei syn hynder Tymoon_Calloo_Meerchen de bêste fan acht kombinaasjes dy´t de barraazje hellen. Demeersman makke dêryn gjin flaters en notearre mei 35.19 sekonden de fluchste tiid.

Twadde waard de Frânsman Roger-Yves_Bost. De Nederlanner Yves_Houtackers pakte de tredde priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)