Deltra Ida 5 de alderbêste ko

23 des 2003 - 00:00

Deltra Ida 5 fan 'e famylje Monkelbaan yn Haskerdiken is troch in faksjuery útroppen ta bêste ko fan Nederlân. It 16-jierrige bist krige koartlyn syn fjirtjinde keal en is noch hieltiten produktyf.

De winnende ko is neffens de sjuery net de aldermoaiste en ek net de produktyfste, mar wol in ideale gebrûksko foar de trochsneed feehâlder. It probleemleaze en konstante fan 'e ko kin de sjuery wol wurdearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)