'Delsetting Eastrum minder âld'

05 feb 2006 - 12:02

De opgravings yn de terp by Eastrum net sa âld as tocht, seit konservator Henstra fan it Streekmuseum Burgum. Der soe in delsetting wêze fan goed 6000 jier âld út it 'Trechterbeker'-tiidrak. Neffens Henstra is dat net wier en moat dy delsetting 500 of 1000 jier jonger wêze.

De delsetting kaam oan it ljocht by it graven fan in kelder ûnder in wenhûs. Omdat it hûs op de terp lei, wie archeologysk ûndersyk ferplichte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)