Delmer Los wint earste IFKS-dei

13 aug 2006 - 13:54

Delmer_Los hat sneon mei it skûtsje Grutte Pier de earste IFKS-wedstriid wûn. Twadde by Hylpen waard Tony_Brundel, tredde Martin_Vlasbloem.

Vlasbloem lei in skoft op kop, mar moast úteinlik doch belies jaan. Tony_Brundel, de kampioen fan ferline jier, sylde út de middenmoat wei stadich nei de kop, mar koe Delmer_Los net mear ynhelje. Sijbo_Zijsling moast mei averij de striid ferlitte. Syn swurd bruts spontaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)