Delmer Los wint earste IFKS

07 aug 2010 - 16:00
  • De rûte by Hylpen

Delmer Los hat de earste IFKS-wedstriid op 'e Iselmar by Hylpen wûn. Mei it skûtsje Grutte Pier wie er sneon oppermachtich. Twadde waard Tony Brundel en Siebo Zijsling tredde. Lêste waard Cees Riezebos.

It skûtsje fan Peter de Koe moast de wedstriid ferlitte mei in stikkene opstekker. Op 'e Iselmar waard prachtich striden om it twadde en tredde plak. Der wiene fjouwer skûtsjes mei in protestflagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)