Delegaasje Vuelta nei Fryslân

05 apr 2012 - 12:14
  • Lieuwe Westra

In delegaasje fan de Vuelta komt op 10 april nei Fryslân ta om de Alvestêderûte te besjen. De grutte ronde fan Spanje wol yn 2015 fan start gean yn Nederlân. It is de bedoeling om de earste trije etappes yn de trije noardlike provinsjes te ferriden. Ien etappe folget it Alvestêdeparkoers. In Spaanske delegaasje sil no mei de bus de rûte by de Fryske alve stêden del om te sjen as dit ek knipepunten opsmyt.

Yn 2009 wie de start fan de Vuelta ek yn Nederlân. Doe wie Assen it startplak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)