Delegaasje fan Van Hall Larenstein mei kening mei nei Sina

23 okt 2015 - 15:38
  • Van Hall Larenstein yn Ljouwert

In delegaasje fan de Ljouwerter hegeskoalle Van Hall Larenstein slút dit wykein oan by de steatsbesite fan kening Willem-Alexander en keninginne Máxima oan Sina. Yn it Sino-Dutch Dairy Development Centre krekt bûten Peking sil de delegaasje fan Van Hall Larenstein it living lab oer it produsearjen fan sûn iten presintearje.

It development centre is yn 2013 oprjochte mei as doel om de kwaliteit fan de suvelsektor yn Sina te ferbetterjen. De Ljouwerter hegeskoalle wurket hjir oan mei.

Sa wurket in Sineeske heechlearaar de kommende fjouwer jier op de Dairy Campus yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)