Dekoders fóár Ald en Nij levere

12 des 2006 - 15:16

De KPN soarget derfoar dat bestelde dekorders foar digitale televyzje noch foar it nije jier levere wurde. Mei de oergong fan analoog nei digitaal hawwe in soad minsken in kastke oanfrege. Dat kin inkeld mar oer ynternet. Guon hawwe dat in pear wike lyn dien, mar dêrnei neat mear fernaam.

De KPN hie de grutte fraach net ferwachte en moat kastkes neibestelle. De klachten binne op te lossen mei in goede bûtenantenne, neffens KPN.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)