Dekker krijt rapport Hoekstra

02 apr 2013 - 06:57
  • Steatssiktaris Sander Dekker

Steatssiktaris Sander Dekker fan O.C. en W. krijt moandeitemiddei it advys fan de kommisje Hoekstra oer it Frysk yn de media. Dat advys sil oanjaan hoe't it Ryk by de kommende yntegraasje fan regionale en lanlike omroppen de radio en tv yn it Frysk it bêste oerein hâlde kin.

Mei yngong fan 2014 geane de regionale omroppen oer fan provinsje nei it Ryk. Dekker wol oanslutend de regionale en lanlike omroppen yntegrearje en dêr tagelyk 25 miljoen euro op besunigje.

In grutte mearderheid fan de Twadde Keamer hat ferline jier al tsjin Dekker sein dat der 'spesjale oandacht' nedich is foar radio en televyzje yn it Frysk. Nederlân is dêrta ek ferplichte op grûn fan twa ynternasjonale ferdragen oer minderheidstalen fan de Ried fan Europa.

It advys komt op in nijsgjirrich momint, want ein april sil de Twadde Keamer prate oer de nije Fryske Taalwet. Guon partijen yn de Twadde Keamer wolle de posysje fan Omrop Fryslân yn dy taalwet regelje. Steatssiktaris Dekker sil moandeitemiddei ek in earste reaksje jaan op it advys fan de kommisje Hoekstra. It advys wurdt dan ek iepenbier makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)