Dekker komt mei omropplan

12 mrt 2014 - 15:14
  • Sander Dekker op de Roos byienkomst

Steatssekretaris Sander Dekker fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip makket sels in plan foar de gearwurking tusken de regionale omroppen en de Nederlandse Publieke Omroep, de NPO. Dat sei hy woansdei op it kongres foar de publike regionale omroppen, de ROOS-dagen, yn Ermelo. Dekker hat der gjin betrouwen yn dat de omroppen en de NPO sels mei ideeën komme. Gearwurking is nedich, omdat der de kommende jierren flink besunige wurde moat. De ôfrûne moannen hawwe de NPO en de omroppen gelegenheid krigen om mei in plan te kommen.

Dat hat neffens Dekker neat opsmiten. Hy neamde sels de BBC yn Grut-Brittannië as foarbyld. Dêr is ien sintrale organisaasje ferantwurdlik foar de hiele publike omrop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)