Dekbêddieven oanhâlden

06 feb 2008 - 13:52

De plysje hat tiisdei twa persoanen út De Gordyk oanhâlden op fertinking fan it stellen fan dekbêden by in bedriuw oan de Leitswei. It giet om in man fan 34 en in frou fan 27. Se waarden sjoen yn 'e buert fan it bedriuw koart foardat de ynbraak ûntdutsen waard.

Nei de ûntdekking wie de auto fuort. De plysje fûn de auto by de wenning fan de frou. Beide fertochten sitte fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)